Op dizze moaie maitiidsdei wie der allegear drokte yn’e buorren. Op de pleats fan Sjoerd en Nynke kamen de pjutten en de bern fan groep 1, 2 & 3 del om hjoed de lamkes te besjen.
Wat in feest om te sjen. En wat in tafal dat ien fan de skiep ek noch oan it lamjen wie.