Eltse freed wurdt der op skoalle omraak nifele. Neist alle help dy’t se no krije kinne se noch wol wat minsken brûke. Skoalle soe it tige op priis stelle dat der minsken binne dy’t ek in skoftke helpe wolle. De folgjende perioade rint fan 13 jannewaris o/m 17 febrewaris en dan de perioade foar de foarjiersmerk.
Dan kinne we seker wol wat ekstra hannen brûke. En dat kin ek op oare dagen. Wa de bern helpe wol kin kontakt opnimme mei master Arnold.