De krystdagen begjinne dit jier op freed mei in tradysje fan kafee bar De Welp, de nulste krystdei. Mar foardat it safier is, kin elkenien om 19.30 oere op de Prinsentún krystferskes sjonge ûnder begelieding fan trompetist Sido van de Bijl. Wêrnei om 20.00 oere de krystnachttsjinst begjint.