Kofje foar de arbeider

As Jehannes Zijlstra in pear putsjes docht rûnom de tsjerke, dan hat er net altiden tiid om nei hûs te gean foar kofje. Dêr wit Dukke mei beppesizzer Sietske wol rie op. Se nimme it kofjeguod mei en gean sa út kofjedrinken yn ’e Prinsetún.