Kofje by de draaimûne

Al generaasjes lang fersoargje de bewenners fan Buorren en Haven de kofje en tee by de draaimûne. Mei in lekker stikje, faaks eigenbakte, cake. Gesellich efkes byprate mei doarpsgenoaten, famylje en merkelju, it binne soms krekt lytse reünys. Moarntemoarn stean se der wer mei kofje, sjogge we jim dêr ek?