Knipt en Skeard

Gemeente Boarnsterhim wol in goeie yndruk efter litte as de oerdracht nei de gemeente Ljouwert in feit is. Dêrom wurdt der de kommende moannen noch goed skrept. Op ferskate plakken is yn it iepen grien goed de skjirre setten. Ek oan de diken en stoepen sil nei de boufak hjir en dêr herstel dien wurde.