Keninginnekeatspartij

30 april is der keninginnekeatsen mei stipe fan Timmer- en ûnderhâldsbedriuw Arie Broekstra. De bern keatse moarns fan 9.30 oere oant 12.00 oere, graach 9.15 oere oanwêzich! De senioaren keatse fanôf 13.00 oere.
Opjaan kin oant tongersdei 26 april 19.00 oere by Riek Blumers (601492) as by it keatsbestjoer.