Kening op it keatsfjild

Nettsjinsteande it kâlde waar wiene der juster moaie keningspartijen te sjen op it sportfjild. Moarns sloech de jeugd foar best op. Middeis wiene de folwoeksenen oan bar. De partoeren hawwe yn beide klasse stride moatten om de priis. Beide kearen hong de telegraaf fol.