Goed 40 rinners hawwe ôfrûne sneon, mei de iepening fan it keatsseizoen in sponsorbedrag fan €719,50 by-elkoar rûn. De jeugdkommisje fan K.V. Jan Reitsma is tige bliid mei it tal jeugdrinners en it ophelle sponsorbedrag. Foar dit jild binne al 40 ballen besteld en 12 tal nije proppen.