Juster wie der it Kafee bar de Welp strittekeatsen op’e strjitte foar it kafee.
Foar de jeugd wie der in prachtige keatsmuorre op ‘e Haven delset. In elts dy’ t sin hie, koe der in baltsje slaan. Der waard fan ien oere oant ‘e mei goed fiif oere gebrûk fan makke. De bern ha harren hjir tige goed fermakke.