Kat fermist

Ut en troch stiet der in oprop op prikboerd oer katten dy’t fermist binne. Sa ek yn augustus doe’t kat Snoepy fan Ylse Zijlstra mar net thús kaam. Om’t se gjin teken fan leven krigen, kaam der nei in skoft in nije kat yn’e hûs. De ferrassing wie grut doe’t se in pear dagen
ferlyn op Facebook in oprop fan in doarpsgenoat seagen. De kat dy’t al moannen op ’e Ayttawei om swalkte, wie Snoepy. Of de muzen wiene op, as hy fûn dat it tiid wie om wer op hûs oan te gean. As de kat prate koe…Ylse is der yn elts gefal bliid mei.