Marije de Groot is freed foar de 3e kear Frysk kampioen wurden mei har pony Misty. Yn de dressuur wie sy dit kear yn de klasse Z1, cat. C de bêste. Se mei op 1 septimber nei Ermelo om dêr op de Hippiade, de Nederlânske kampioenskippen, út te kommen foar Fryslân. By it springen waard Marije mei har oare pony Presto reservekampioen yn de klasse L, cat. C. In topdei dus foar Marije!