De bêste aaigooi-fangers

Freed wie der by Jeroen en Lutske de jierlikse aaigooi-fang wedstriid. Der waard omraak goaid en fongen! Soms moast it publyk efkes in stap efterút om net in aai op ‘e kop te krijen. By de folwoeksenen wûnen Albertine Brinksma & Anne-Baukje Bloem mei in ôfstân fan 38 meter. Heit en soan Andreas & Jesse Moos goaiden wol 25 meter. By de jeugd wie Jesse wer fan de partij, tegearre mei Daam Noordenbos goaiden se 15 meter.