Nei twa jier wie it juster wer safier.De kamping wie op’e nij iepen foar alle bewenners fan Friens.
Nei it iepenswurd fan de foarsitter koe der ût ein setten wurde mei in goed fersoargde bbq.
Blyn folleybaljen en in moardspul stienen dizze jûn ek op it programma.
Mei in gesellich kampfjoer sieten de minsken oant yn de lette oerkes bûten. Nei noch in moarnsbrochje mei syn allen koe elkenien wer op hûs oan. En giet de kamping wer ticht.