Op 20 desimber om 19.45 oere is der by de Vrouwen van Nu in spesjale winterjûn.
Paul en Marian sille fertelle oer in ekspedysje dy’t sy makke ha by Vancouver Island, taljochtte mei bylden. Harren ferhaal is net allinnich in aventoer mei bearen, wolven en hege seeën, it giet benammen ek oer it nimmen fan belangrike, bepalende beslissingen.
Dat kin wolris soargje foar kâlde grillen op dizze waarme winterjûn…. Dêrom wurdt der soarge foar in waarm Lokaal en in waarm drankje!