Kaartferkeap Oeds fan Fierwei

Op lokaasjes yn Friens, Idaerd, Eagum en Reduzum wurdt de thúskomst fan oarlochsheld Oeds ferbylde. Lûk de stevige skuon oan en kom fan 28 juny oant 9 july nei it hert fan Fryslân en lit dy meifiere op de tocht fan Oeds troch de greiden en by de FIER-doarpen lâns! Bestel kaarten foar dit teaterspektakel fan Under de Toer.