Wat in machtige jûn foar Lotte, har heit Sytse Broersma en al die oare artysten. Mar ek foar it publyk dat massaal meireizge wie út Reduzum. Popgroep De Kast fiert dit jier dat se 30 jier bestean. Om dit te fieren wie der sneon in konsert yn’t AFAS Live yn Amsterdam. Tegearre mei sjonger Syb song Lotte mei it ferske ‘Wa’t ik bin’ it AFAS Live plat! Top!
(Foto door Piet Douma – PDF-Grafie)