Yn Kockengen is Jorrit Bouwstra juster, mei it NK Jeugd fierljeppen, 1ste wurden. By de jonges oant 12 jier behelle hy nei in spannende striid dizze titel mei in sprong fan 11,07 meter.
In waarm wolkom by syn thúskomst, de buorlju en syn master hiene de tún prachtich fersierd!