Jonge ûlen

Tiisdeitejûn hat Johan de Jong by famylje Zeinstra west om jonge ûlen te ringjen. Yn de skuorre sieten 7 jonge ûlen yn de ûlebak. Harren gewicht en fljerken binne opmetten en se binne ringe. Sa is letter te sjen hoe âld de ûle is. Ek mochten de bern de ûlen fêst hâlde foardat se werom gongen yn de ûlebak.