Jeugdwurk Friens

Al sûnt jierren is der foar de bern fan de basisskoalle it Jeugdwurk. Bern fan 4 oant en mei 12 jier binne wolkom. Fan septimber ôf oant en mei de Frienzer Merke ha wy ús aktiviteiten.Der binne in oantal fêste fersetsjes dy’t eins alle jierren wer komme. Sa as û.o.de St.Marten optocht. Mei elkoar nei alle hûzen ta te sjongen en dan letter yn It Lokaeltsje al it sammele snobbersguod ferdiele. Dêr neist wurdt der sa út en troch in aktiviteit organisearre, juster ha de bern oan it nifeljen west.