Jeu de peloters jûn yn aksje

Jûn stean de peloteurs fan Reduzum yn de finale D poule fan de kompetysje
peloten federaasje Littenseradiel. Under namme fan Wiuwert/Britswert 2 (Reduzum falt net ûnder federaasje Littenseradiel en mei allinne ûnder in oar doarp mei spylje) ha ús spilers de poule
wedstriiden en in krúsfinale oerlibbe, sa dat by winst op Mantgum 3 promoasje nei de C poule mogelik is. De oanfang fan dizze happening is 18 oere op it sportfjild fan Weidum. Supporters binne fansels fan herte welkom.