Feestelijke iterij op Tsienzerbuorren

De bewenners fan Tsienzerbuorren hiene fan ‘e jûn in barbecue midden op de Snitserdyk. Om’t de wurksumheden hast klear binne, wie der foar harren foar de oerlêst as ôfsluter in BBQ. Kommende moandei giet de dyk iepen, in wike earder as pland. It dykfak hat in doarpser karakter krigen. Wat foar mear ferkearsfeiligens soargje moat foar de bewenners. De beamkes sille yn de hjerst plante wurde.
Omrop Fryslân hie in petear mei oantal bewenners.