It Sutelplak iepent de doar

It Sutelplak is fanôf tongersdei 15 jannewaris iepen foar de skoalgeande bern. Nei in ferbouwing fan in goede fjouwer moanne kin Myja Zijlstra-van der Meulen de doar iepen dwaan. Fuortdaliks is de webside ek fernijd fan sawol de Bernewrâld as It Sutelplak.
Op in letter momint sil der in iepen dei plak fine sadat eltsenien ris binnen de doaren sjen kin. Hâld de webside dus yn de gaten.