Jeu de Pelote, fan oarsprong in Belgysk keatsspultsje, wurdt al jierren lang yn Fryslân spile. Dizze wike giet de striid om ‘it pealtsje fan Easterlittens’ wer los. It Redúster team stiet tiisdei 7 juni om 18.30 oere op ‘e earste list tsjinoer Makkum. Allegear sjen dus op it plein yn Easterlittens!