It paad nei Fierwei

In boppeseal fol minsken hearde justerjûn it ferhaal fan Homerus, de haadrolspiler út de teaterproduksje Oeds fan Fierwei. Peter Sijbenga fertelde en song, en liet sa it publyk meibelibje hoe it stik der útsjen kin. Op dizze ynformaasjejûn waarden ek de trije haadrolspilers foarsteld en waard de webside theatergroepfier.nl  online  set. Fia dizze webside kin elk har opjaan as frijwilliger foar of efter de skermen.