It paad bjuster…

Ynienen stie hy foar ús. De man dy’t wy wolris faker thúsbrocht hawwe, om’t hy syn eigen hûs net wer fine koe. Mar dat wie by ljochtskyndei; no wie’t sa tsjuster as de nacht wêze kin. Frou skrok d’r suver fan, ikke net fansels. Ik hie him allang yn’e noas. Wy rûnen de slach om it plak wer’t deade minsken ûnder de grûn lizze, want dêr mei ik altiten efkes los omstrúne. De bêste man moat op it bankje sitten hawwe te jûnpizeljen of sa. Hy hie hielendal net yn’t sin om Frou skrikke te litten. Les hjir fierder