It nêst is leech…..

Fan ‘e moarn sieten de sweltsjes noch yn it nêst, mar fan ‘e middei wie it nêst leech.Heech yn ‘e hoannebalken sieten se de wrâld te besjen.Somtiden kaam heit of mem noch lâns mei wat lekkers en hiel inkeld fleachen se sels ris in lyts eintsje, efkes oefenje.