Goed oanklaaid mei allegear fleurich fersierde stokken stiene de bern fannemoarn klear by de tsjerke. Earst koene de bern harkje nei in koart ferhaal yn tjserke. Hjirnei rûnen se mei âlders efter showband Takostu út Stiens de palmpeaskeoptocht troch it doarp.
Nei ôfrin wie der foar elk bern noch in lekker sûkelade peaskehaze.