De kuierders dy’t in slach om wolle nei it Swinlân kinne der al oer. Al is it noch wol efkes behelpe. Trije betonauto’s fol wiene nedich om de brêgekonstruksje syn toplaach te jaan. It beton hat no mei de boufak tiid om út te hurdzjen. Mei de tiid komt der ek noch in koating op.