It is wer tiid om te keatsen

Nettsjinsteande dizze nuvere tiid is de keatsferiening folop yn ûntwikkeling en stean se te springen om de krite yn te gean. Sa kinne we lêze yn it nije keatsboekje dat elk húshâlden krigen hat.
Snein 11 april iepenet it keatsseizoen fan 13.00 oant 14.00 op it sportfjild mei in keatsclinic fan Puur Passie. Dizze clinic is foar alle bern fan 6 jier ôf, dus ek foar net leden!