7, 8 en 9 febrewaris sil Toanielferiening Roto it stik ‘Frjemde buorlju’ spylje. As jo donateur binne en tastimming jûn ha, sil it bedrach yn wike 6 e/o 7 fan jo rekkening ôf skreaun wurde. Binne jo donateur en betelje jo kontant, dan komme wy yn wike 5 mei de kwitânsjes lâns. Wolle jo dan as noch fia de automatyske ynkasso betelje, kin dat ek. As jo gjin donateur binne, kinne jo ek in kaartsje by de doar helje.
Freed 7 febrewaris en sneon 8 febrewaris 20.00 oere en Snein 9 febrewaris 15.30 oere op’e boppeseal fan Café Bar De Welp