It Gelok Fan Fryslân op spotify

Wat makket ynwenners fan Fryslân en Reduzum lokkich? Tryater frege it oan ynwenners en ferwurke de reaksjes ta in grut geloksgedicht. Wolsto it geloksgedicht fan Reduzum fan ‘It gelok fan Fryslân’ (nochris) hearre? Dat kin!
Tryater hat in eigen spotify account. Hjir kinst alle tsien geloksgedichten belústerje of genietsje fan ien fan de oare podcasts op harren kanaal.