It earste ljipaai

Woansdei 14 maart rûn seis oere is it earste ljipaai fan Reduzum fûn troch Lolke Kalsbeek en Roel Witteveen. Justerjûn hat Lolke dit oanbean oan kroechbaas Jeroen van Dijk.
Albertine Brinksma siet it tichstby mei de datum en tiid. Sy kriget meikoarten in priiske fan de redaksje.