It Dockumer Lokaeltsje nei station Muzuder

Regionale en lânlike parse wie optrommele foar de parsepresentaasje fan Muzuder Rock 2015. De befeiliging by de doar kaam dizze middei hannen te koart om it tastreamde publyk efter de linten te hâlde.
It Dockumer Lokaeltsje en SBC binne twa fan de bands dy’t 14 maart op it fiifde lustrum fan Muzuder Rock optrede sille.