Marije Visser hat snein mei har heit te aaisykjen west. Se fûn it ljipaaike yn in stik lân yn Aldeboarn. Juster hat se it oanbean op skoalle. Se krige fan juf Janet in moaie wikselbeker, dêr’t har namme no op komt te stean. Se mei de beker in jier lang thús hâlde.