Yn Reduzum, Friens en Idaerd binne in soad lytse bedriuwen, faaks sûnder personiel. Dizze ûndernimmers binne foar in grut part lid fan de Sakeklub. Troch de ûnderlinge kontakten op útstapkes of mei bedriuwedagen kinne se in klankboerd wêze foar mekoar. Ien fan harren is Adri Hallema.