In read doarp kleuret oranje

De flagge stie op ‘e toer. It doarp kleure oranje. Op dizze Keningsdei krigen we besite fan kening Willem-Alexander en keninginne Maxima. Se makken mei de koets in rûnrit troch it doarp, en beseagen al it moais wat der kreëarre wie. Der wiene folksspultsjes yn de Haedstrjitte, it Houtstek hie see en strân, en se moeten ek in miny kening en keninginne op harren rydtoer.