In nij jier, in nije site

Mei it uploaden fan in nije site winsket de redaksje jim in brûsjend 2015 ta. Nei fiif jier waard it wer tiid om reduzum.com te up-daten. Troch de gearwurking mei de doarpen Idaerd en Eagum wiene der efter de skermen in oantal oanpassings nedich.
Fierders is de website no oanpast foar gebrûk op smartphones. Mei in nije frisse lay-out, dêr’t Siep van Lingen de frontfoto foar makke hat, binne we wer hielendal klear foar de kommende fiif jier.