It hie noch al wat fuotten yn de ierde, mar de skoaltún is klear. Nei alle tariedingen koene foarige wike lang om let de plantsjes deryn set wurden. Guon âlden ha west om te helpen en en de bern ha tige harren bêst dien om mei te helpen… En it sjocht der no fantastysk út! Fansels moatte de bern no eltse dei wetter jaan mei dit waarme waar en dan hoopje we dat de ytbere plantsjes en krûden it goed dwaan sille.