Moandeimiddei, 14 desimber, ha groep 5 o/m 8 noch moaie krystkaarten makke foar de minsken út Reduzum, Idaerd en Friens. De groepen 6,7 en 8 ha de kaarten yn Reduzum rûnbrocht en ek yn de twa oare doarpen binne se troch de brievenbus kaam. Op dizze wize hat skoalle; bern en learkrêften, alle doarpsgenoaten, nettsjinsteande dizze drege tiid, fijne feestdagen tawinske.