In tsiental bern giene ôfrûne snein mei it bernereiske fan Idaerd nei pretpark Drouwenerzand. De bern soene 17 oere wer thús wêze, mar se hienen it sa moai, dat de âlders berjocht krigen dat it wol 18 oere wurde soe. De bern ha harren tige goed fermakke, lekker iten en dronken (ite safolle as je wolle, fergees) en it waar koe net better!