De kommende wiken wurdt dizze stikker ‘Ik ♥ …myn doarp’ by de minsken yn de trije doarpen troch de bus dien. Foar op de auto, de fyts of as aardichheidsje foar de bern. Teminste, by dy minsken dy’t gjin Ja/Nee of Nee/Nee stikker hawwe.
Om dy minsken ek yn de gelegenheid te stellen ek sa’n stikker te krijen, kinne se dy ophelje by Sybren Posthumus, D.S. Bangmastrjitte 25, Reduzum. 0566 – 602928