IIswille foar iisklubleden

Tiisdei hat der in gruttal jonges en famkes mei de iisklub te riden west nei Ljouwert. Bûtendoar wie it hûnewaar, mar yn Ljouwert koe der ûnder dak riden wurde yn de iishal.
En sa as jim op de foto sjen kinne hiene se in hiel protte wille op it iis. Ien fan de memmen hie al acht jier net op redens stien, mar se wie it noch net ferleard. Riden is krekt as fytsen, hja ferleare it noait.