Freed 12 desimber, mei de jiergearkomste, wiene der al wat mear minsken as oars. Dit wie om’t Wietze Jorna yn ’t sintsje setten waard. Hy sit al 25 jier yn it bestjoer fan Iisklub Eendracht, wêrfan al 15 jier as foarsitter.
Der wie ek in bedankje foar syn frou. ‘In foarsitter kin net in goede foarsitter wêze as er syn frou Wietske net efter him stean hat’.