De lede-estafette luts justerjûn net in soad folk. Mar dy’t der wienen, makken der in spannende striid fan. In oantal jonges weage him oan in freonskiplike partij iishockey. Dy striid waard wûn troch de thúsploech. Nei ôfrin koe elk him yn it iisbaangebou wer opwaarmje by de kachel en oan de poeiermolke.