Iepening keatsseizoen

Sneon 19 april giet it keatsseizoen fan start. Om 16.00 kinne alle bern fanôf berte jier 2007 (kabouters) oant 2000 (skoaljongens en famkes) op it keatsfjild komme en mei in protte wille in spultsje circuit dwaan. Graach opjaan by Hans Brinksma.
Op dizze dei is der ek gelegenheid om skoun as wanten te ruilje of ferkeapje. Bern dy’t KNKB keatsen geane kinne foar 1 jier een wyt KNKB-shirt en broekje hiere foar 12.50 euro per jier.