STAF, STichting Amateurtoaniel Fryslân, giet fierder as feriening IEPEN DoEK. Om dit te fieren wie der sneon in feestjûn op De Jouwer mei in ferskaat oan workshops. Ymprovisearjen troch Jan Arendz en Marijke Geertsma, regissearjen troch Jos Thie, ljochttechnyk troch Edwin Meester en grimearjen troch Anne Doorenbos. Johan Veenstra, de Stellingwerfske skriuwer, hie in pear moaie ferhalen en gedichten en dêrnei wie der in ferlotting foar de oanwêzige ferieningen. Tusken Swin en Moezel út Friens wie de gelokkige winner fan €500 euro.