Ien fan de Frienzer tradysjes

As der in pearke trouwen giet is it flagjen al sûnt jierren in tradysje yn Friens. Eartiids wienen it de frijgeselle mannen dy’t dizze taak hienen, hjoedtedei binne it de buorlju dy dit oppakke. De earste kear is fjirtjin dagen yn it foar, dan in wike yn’t foar wurde de flaggen wer foar it ljocht helle en as lêste wurdt der op de dei sels ek noch flagge.