Dit jier wie de merke net allinich op snein, mar begûn it feest yn Friens sels al op sneontejûn. Mei in band wie it oant moarns betiid tige gesellich yn it doarpshûs. De oare deis stie as siet elk om tsien oere wer fris en fruitich op it merkelân foar in keatspartij.