Idelheid makket fijannen

Ferskate minsken hawwe it wol sjoen by Blauwe Tinte,dat der in pûdsje sit om de autospegels fan Egge en Bea. Al skoften hawwe se lêst fan in wol hiel idel fûgeltsje. It sjen fan syn dûbeldgonger yn de spegel ropt safolle wraakgefoelens op dat er de spegels fol skyt. En om’t de eigeners gjin nocht hawwe dit alle dagen skjin te meitsjen, hawwe se dizze maatregels troffen.